De freonen


Wy waarden op deselde seekust smiten.

Mei fisk en skulpen wûnen wy ús brea,

We knopen fiskersnetten ek by riten

En samlen wrakhout dat de see ús bea.


Om frouljusgeunsten koene wy nea stride.

De iene krige wat de oare hie.

Gjin oergeunst en gjin winstbejach ferwide

De ôfstân dy’t sa ticht tahelle wie.

Neat stie ús tagedienens yn ’e wei,

Gjin drank of dobbelspul koe dy ferriede.


Dochs kaam de dei…

Dochs kaam de wylde stoarmdei letter dy't ús skiede;

Doe rekken we elkoar mei ’t mes benei.


Stêd oan it Waad


Fier oan 'e kym, alteast as 't helder bliuwt,

Lizze de eilannen. De jonges komme

Om ’t kearen fan de boat te sjen, dy’t dan syn plommen

Brún foar de sinne lâns de dyk oer driuwt.


De winter duorret lang; it bytsje grien

Sprekt fan in stille winter yn syn tûken

En yn de binnentunen, kalme hoeken,

Hat sels de moardner noch gjin moard begien.


De strjitten, mei it trijefâld fan klinkers,

Balstiennen en kleurde flint beflierre,

Drage deselde skonken al sûnt jierren,


Want jûns, yn harren stap fan stille drinkers,

Dangelje mânlju smokend nei it dok –

De haven lâns – en wer wêrom nei ’t dok.

 

Vertalingen door Jabik Veenbaas van de gedichten "De vrienden" en "Stad aan de wadden" van S. Vestdijk - 2009